Tryater fiert syn sechstichjierrich bestean yn teäterseizoen 2025-2026. Yn 1965 is Tryater ûntstien út it rike amateurfjild, no earet it syn woartels mei it Eenakterfestival op 21 en 22 maart 2026. Seis amateurferieningen en twa gearstalde groepen bringe spesjaal skreaune ienakters ta libben. De stikken binne fan de hân fan Doutsen van Gosliga, Raymond Muller, Maaike Bergstra, Sanne Schuhmacher en Wessel de Vries.

Elk stik wurdt opfierd op in passende lokaasje yn it gebou fan Tryater – de casts krije technyske stipe en meitsje gebrûk fan de profesjonele romten. In unike kâns om acht ferskillende foarstellingen op ien jûn te belibjen!

Op de webside fan Tryater kinst sjen hokker groepen der meidogge, hokker stik se spylje en wannear ast komme kinst te sjen.

Nei de webside →