Acht kleurrike abstrakte lânskipsskilderijen fan Annemarieke Woltman (1959-1997) geane yn petear mei de muzyk fan har broer Herman Woltman en sjongeres/trompettiste Ella de Jong (it duo Ella & Her man). Tegearre mei Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands 2019 -2020) skreaunen sy nije muzyk, ferskes en gedichten ynspirearre troch hoe’t Annemarieke tritich jier lyn see, greide en loft seach.
Se praten yn Drylts, Ljouwert, Amsterdam en Nijmegen oer it alderearste momint fan sjen, priuwe en hearre. Sa ûntstie in liet oer dochters dy’t foar it earst snie fiele en ûnder de yndruk reitsje fan in wylde see. Bruinja tocht nei oer hoe’t skilders in lânskip stilsette kinne en sette in nûmer oer fan syn favorite band Marillion wêryn’t de sjonger ús útdaget om in fonkje te fangen en in wolk oan ’e loft te spikerjen.
It útsjoch dat Woltman, De Jong en Bruinja mei it publyk diele is wiids. It rikt fan in kranksinnich leafdesliet út ’e havenstêd Buenos Aires nei seehûnen en seefûgels op it waad, nei fersen fan rou om it wrede lot dat flechtlingen treft yn ’e Middellânske See en de minsken yn Gaza, dy’t úthongere en bombardearre wurde.
Neist muzyk mei teksten fan Bruinja wurde der ek lieten brocht basearre op gedichten fan Baukje Wytsma (1946-2022) en Karin Hazewinkel, ferskes yn it Frysk en Frânsk oer it ferlies fan krûdige greide en greidefûgels en de hoop en ynspiraasje dy’t it waad en it rike libben dêromhinne dochs noch biede kinne.
Foto: Lucas Kemper
Nei de webside →