De winner fan de Libris Literatuur Prijs 2026 komt dizze simmer nei Fryslân.

Oer syn boek Aan het einde van de oorlog: Ernst is alve jier en soan fan SS-Obersturmführer Karl Zehlendorf. Hy rekket fermist yn de buert fan in konsintraasjekamp. Syn broer Reinhart beweart him achterlitten te hawwen oan de igge fan de ferriederlik djippe mar, dêr’t se oan it fiskjen wiene. Hy sil dochs net yn it wetter fallen wêze? Wylst de alliearde legers yn ‘e fierte al te hearren binne en elkenien yn it kamp beseft dat de ein fan ‘e oarloch yn sicht is, giet Karl op ‘e syk nei syn soan.

Nei de webside →