Lofthus Skriuwster en Drachtster Mette-Indra Lofthus debutearret yn maaie mei har boek Vloedgolf, in romantysk ferhaal dat him ôfspilet yn Noarwegen.
It boek giet oer de Nederlânske Nora dy’t har hert ferlern hat oan Noarwegen en har Noarske freon Sverre. Se wenje yn it prachtige Geiranger en sille simmerdeis trouwe oan board fan in boat op de Geirangerfjord. In falsk tsunami-alarm feroarsaket barsten yn harren relaasje. Stikje by bytsje wurdt dúdlik hoe grut de gefolgen wêze kinne as Hettinga, in berch dy’t yndie ynstabyl is, echt ynstoart. Nora begjint te twiveljen oer harren takomst yn in omjouwing dy’t elk momint troch natuergeweld teistere wurde kin.
Mette-Indra Lofthus fertelt oer har skriuwproses en hoe’t it boek ta stân kaam. Der is romte om fragen te stellen, in praatsje te meitsjen en in sinjearre eksimplaar oan te skaffen. By de boekpresintaasje fynt der ek in ferlotting plak.
Nei de webside →