Ta oan in wolfertsjinne ‘detox read’? Ferruilje dan dyn telefoan foar in boek, nim plak yn it nije parkje neist Campus Fryslân (Willemskade) en lês lekker rêstich tusken oare stille genieters. Oftewol: kom nei Page Against the Machine! In ynternasjonaal evenemint dat minsken fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt en ûnderfine lit hoe noflik tegearre lêzen is – dit jier yn gearwurking mei de Silent Book Club Fryslân fan Tresoar.
Nim dyn eigen kleedsje / túnstoel en eventuele drinken mei.
Kinst der net live by wêze? Kies dan dyn eigen favorite plak, diel fluch dyn boek (mei #PageAgainsttheMachine), lis dyn telefoan fuort en lês!
Page Against the Machine is in inisjatyf fan Norwich UNESCO City of Literature en The Book Hive.
De Silent Book Club Fryslân fynt gewoanwei alle earste tongersdeis fan de moanne plak by Tresoar.