Oantemei ein novimber 2026 is yn Tresoar de útstalling Lytse Ivichheid – Eindeloos Nu, wêryn’t Fryske dichtbondels en harren omslachûntwerpen út de ôfrûne hûndert jier sintraal stean, te sjen.
Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne iuw ferskynden, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. In seleksje fan de 49 dichtbondelcovers wie earder te sjen op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Dêr naam de Dichter fan Fryslân besikers mei op in literêre kuier lâns ferskate omslachûntwerpen.
Iepening
Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, iepenet no de troch him gearstalde eksposysje fan alle 49 omslachûntwerpen, By de iepening sil skriuwer en sjoernalist Kirsten van Santen de Dichter fan Fryslân koart yntrodusearje en folget, tegearre mei foarmjouwer Monique Vogelsang, in koart fraachpetear oer de eksposysje.
Wolle jo by de iepening oanwêzich wêze, kinne jo jo foar tiisdei 19 maaie oanmelde fia: ynfo@dichterfanfryslan.nl. It tal plakken is beheind.