Op 29 april ferskynt by De Arbeiderspers De Baptisten, de nije roman fan Nyk de Vries. Jo binne fan herten wolkom by de presintaasjes dêrfan yn Grins, Burgum en Amsterdam. Nyk sil signearje en fansels foarlêze út syn nije boek. Ek treedt er op mei syn muzykfreonen fan it earste oere: Geart Postma en Fokke van der Veen. De tagong is fergees. Elkenien is fan herten wolkom!

De Baptisten is sterk ynspirearre op Nyks eigen eftergrûn yn de muzyk en it leauwe. Sintraal stiet de freonskip tusken Marten en Wytse, dy’t elkoar kenne fan skoalle en de tsjerke. As se tegearre in band begjinne, set dat fan alles yn beweging. De groep wurdt in tichte klan, mar nettsjinsteande it súkses en ynnimmende optredens komme der stadichoan skuorren yn de bân as der fan alle kanten oan de jonges lutsen wurdt. Jierren nei harren brek bringt Marten op in smoarge simmerdei syn soan nei in boartersmaat. By de Marokkaanske beppe fan dat jonkje wurdt er op yntinse wize konfrontearre mei syn jongere sels.

Mear ynformaasje