Museum Dokkum iepenet syn doarren foar in bysûndere Boekewikemiddei fol ferhalen, makkers en moetingen. Besikers dy’t it Boekewikegeskink Piaggio fan Hendrik Groen meinimme, krije fergees tagong! Ek sûnder geskink bist wolkom, dan jildt in spesjale koartingsaksje.
Op dizze middei stiet it museum yn it teken fan boeken en ferhalen. Yn ferskate romten binne gesellige lêshoekjes ynrjochte dêr’tst rêstich blêdzje kinst. Yn it museum fynst in lytse boekemerk mei boeken oer Dokkum en de regio, presintearre troch ûnder oare Boekhannel Van der Velde en Historia Doccumensis.
Kinst ferskate makkers moetsje. Striptekener Skelte Braaksma fertelt oer syn wurk, wêrûnder de graphic novel Redbad en syn nijste boek Swalker, in ferhaal oer in post-apocalyptysk Fryslân dat foar it grutste part ûnder wetter ferdwûn is. Skriuwster en yllustrator Vera Damhuis fersoarget koarte workshops ferhalen skriuwen, wêrby’t it bysûndere poppehûs fan it museum as ynspiraasje tsjinnet.
Biblioteek Noard Fryslân organisearret in kreative workshop Book Art, wêrby’t besikers in keunstwurk yn in boek meitsje mei stiften, kleurpotleaden en stickers. De workshop is geskikt foar jong en âld. Ek boekresinsint Myrthe Westra, bekend op Instagram en TikTok as Boekbewûnderer, komt del om mei besikers yn petear te gean oer boeken en lêstips.
*Op snein 22 maart is de yntree fergees by in soad musea, op fertoan fan it Boekewikegeskink. Sjoch hjir foar de musea dy’t meidogge.
Nei de webside →