Ien fan de bekendste en meast lêzen skriuwers fan Nederlân komt nei Drachten! Annejet van der Zijl fertelt oer har lêste boek De zwevende wereld, in dûbelbiografy oer de Dútske dokter Franz von Siebold en syn Japanske dochter Kusumoto Oine.

Oer it boek:

Yn 1823 reizge in jonge Dútske dokter nei Deshima, de Hollânske hannelspost yn Japan, dat doe fierder noch folslein fan de bûtenwrâld ôfsletten wie. Sân jier letter waard er ferband út it lân fan de shoguns en dêrmei út de libbens fan syn grutte leafdes, de concubine Sonogi en Oine, de dochter dy’t se tegearre krigen. Desennialang ha heit en dochter der alles oan dien om inoar werom te sjen. Franz von Siebold fêstige – wylst er noch hieltyd hope dat er werom komme koe – syn namme as de grutste Japanekspert fan ‘e wrâld; Oine Kusumoto ûntwikkele har mei it foarbyld fan har heit foar eagen ta de earste froulike dokter yn har lân. Mar doe’t Japan yn 1854 einlik iepenbrutsen waard en se inoar wer oankrûpe koene, pakte harren wersjen folslein oars út as dat se tocht hiene.

Van der Zijl publisearre yn har 25-jierrige skriuwkarriêre sân non-fiksjeboeken dy’t allegear bestsellers waarden en faak bekroand, oerset en ferfilme wurde. Se krige ûnder oaren de Gouden Ganzenveer en de Amsterdampriis foar de Keunst. Yn 2020 skreau se it Boekewikegeskink Leon & Juliette dat ek yn it Frysk ferskynde, en yn 2023 wie se lêsambassadeur fan Heel Nederland Leest mei Sonny Boy.

Nei de webside →