Tidens Het Voorwoord van de Boekenweek ynterviewt skriuwer en resinsint Coen Peppelenbos Haroon Ali oer syn boek Half en Raoul de Jong oer syn nije boek Jaguarman. Dit jier is it tema fan de Boekewike Tweestrijd.
Sjoernalist Haroon Ali hat in Pakistaanske heit en de relaasje tusken beide is aardich spand. Om tichter by syn heit te kommen reizget er troch Pakistan. De famylje ûntfangt him waarm, mar der binne ek ûnderwerpen dêr’t leaver net oer praat wurdt. Ali ûnderfynt de opkomst fan moslimfundamentalisme yn Pakistan en de ûndergrûnske reaksje dêrop. Ut it ferslach fan syn reis yn Half docht bliken dat Haroon Ali him sterk hâldt oan westerske noarmen en wearden.
Pas as hy folwoeksen is, hat Raoul de Jong mear as flechtich kontakt mei syn Surinaamske heit. Pas dan ûntdekt hy de skiednis fan syn heit en oerpake, dy’t in Winti-pryster wie. Dy krêften binne trochjûn oan de folgjende generaasjes. Yn Jaguarman ûndersiket De Jong de Surinaamske kant fan syn bestean en rint er tsjin de koloniale eftergrûn fan ‘e skiednis oan. In histoarje dêr’t er him ta ferhâlde moat.
Haroon Ali
Haroon Ali (1983) is sjoernalist foar ûnder oare De Volkskrant en Vrij Nederland en skriuwt oer media, kultuer en reizen. Haroon waard berne yn Alkmaar, mar wenne syn hiele libben yn Amsterdam. Half is syn earste boek.
Raoul de Jong
Raoul de Jong (1984) skreau kollums, artikels en ferskate rubriken foar ûnder oaren NRC Handelsblad, nrc.next, IS, Vrij Nederland, Elle, Het Parool en Vrij Nederland. Hy hat seis boeken publisearre. Yn 2005 wûn syn debút de Dick Scherpenzeelpriis foar it bêste sjoernalistike wurk oer net-westerske lannen yn ‘e Nederlânske media.
Dizze aktiviteit wurdt op 14 maart fan 15.00 oere ôf live útstjoerd. Sjoch fia de webside fan dbieb of fia de links hjirûnder: