Freed 28 juny organisearje we op ‘e nij mei SPOKENfm de Spoken Awards foarronde yn Ljouwert. Dit is dé kâns om dyn spoken word-talint sjen te litten oan sjueryleden Moze Naél en Marrit Jellema.

De jûn wurdt host troch Jermaine Berkhoudt en de rige performances wurdt ôfsletten troch Luan Buleshkaj. Dielnimmers dy’t troch de sjuery nominearre wurde, pleatse harren foar de lanlike finale fan de Spoken Awards yn Rotterdam.

Foar dizze spesjale edysje kostet in kaartsje mar € 3,50.
Meidwaan mei de SPOKEN Awards foarronde? Opjaan dochst hjir.

Hoge Woorden wurdt presintearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema, Stedsdichter fan Ljouwert