Escape-travel | Ûnderútwei

Tamara Feddema (sy/har, 1976) is hikke en tein yn de Fryske Wâlden. Se skriuwt al sûnt har achtste, doe’t se har earste toanielstik skreau. Se skriuwt it meast en it leafst yn it Frysk, mar boartet sa no en dan ek mei it Ingelsk en Nederlânsk. Tamara hat oant no ta toanielstikken, liedteksten, spoken word en koarte ferhalen produsearre, mar de klam leit op it skriuwen fan Fryske poëzy. Har belangrykste ynspiraasjeboarnen binne keunst, natuer, reizgjen, it libben en abstrakte surrealistyske pop-art poëzy.
Tamara is sûnt 2024 studint oan de Skriuwersfakskoalle yn Ljouwert. Har gedichten waarden publisearre yn kultureel tydskrift De Moanne (autobiografyske gedichten ‘It Lykpaad’ en ‘Jan van de Capelle’). De Leeuwarder Courant publisearre yn gearwurking mei itselde tydskrift har koarte ferhaal ‘It Blommefjild’. Mei har gedicht ‘Winter yn Fryslân’ wûn se de GJALP yn 2025. It gedicht waard presintearre op it Noordelijk Film Festival en is hjir online te besjen, foarlêzen troch Tamara sels en mei Ingelske ûndertiteling.

 

Ynhâld