Oekraine

Myrte Marije Veenbaas (1986) is dichter en skriuwer. Se groeide op yn Amstelveen en wennet ôfwikseljend yn Amsterdam en Fryslân. Myrte debutearre yn 2024 mei seis gedichten yn literêr tydskrift Ensafh. Yn datselde jier waard se einredakteur fan it tydskrift, dêr’t se noch hieltyd geregeld gedichten publisearret. Yn 2025 wûn se de GJALP mei it gedicht ‘Held op sokken’, basearre op har pake, in traumatisearre fersetsstrider.
Nei it ûnferwachte ferstjerren fan har mem yn 2025 begûn Myrte oan in rige reflektive essays oer rou, dy’t yn 2026 yn kultureel tydskrift De Moanne ferskine sille. Yn dy teksten besiket se op ’e nij betsjutting te finen yn tiden fan ferlies. Se wurket ek oan har earste boek, Tussen oorijzer en strijd. Myrte ûndersiket it konsept fan identiteit en bestean troch it yn in breder ramt te pleatsen: famyljeskiednis in lânskip spylje in sintrale rol yn har wurk.

Oekraine

ik seach myn mantsje,
it read ferblikke, lyfke tin,
syn liet berikt my
al skoften net mear

de oar hie gjin fearren
foel út ’e loft
djip swarte romp

syn stim tilde my op
gûnze mar troch
boppe wetter en steppe
op syk nei de kust

ik wol op dyn rêch fluite ik
net lûd genôch

syn fjouwer wjokken –
fjoer

Ynhâld