Mei-elkoar genietsje fan ferhalen ferriket it libben. Dêrom hat Ljouwert UNESCO City of Literature Mei-inoar lêze (‘samenlezen’) fan De Samenleesclub nei Fryslân helle. Der binne ûnderwilens Mei-inoar lêze-groepen yn biblioteken, doarpshuzen en op oare lokaasjes.

Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Do meist alle kearen oanskowe, of kinst gewoan in inkelde kear komme. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen. De groep stimt ôf yn hokker taal oft lêzen en sprutsen wurdt. Wa’t wol kin reagearje op de teksten. Wat sizze de wurden? Wat dogge se mei dy? Rekket de tekst dy? Witst wêrtroch?

By Mei-inoar lêze draait it hieltyd om de ferbining tusken teksten en it deistich libben. Oantinkens, assosjaasjes, emoasjes en tinzen soargje foar moaie petearen. Mei-inoar lêze is in fergeze aktiviteit. Oanmelde is net nedich. De kofje en tee steane klear.

Foarkom teloarstellingen; check foarôf aktuele datums en tiden op de webside fan de biblioteek by Activiteiten / Samenleesclub.

Wannear en wêr?
Oanmelde is net nedich

dbieb Leeuwarden
Alle woansdeitemoarnen, 10.30 – 11.30 oere.

dbieb Grou
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 9.30 – 10.30 oere.

dbieb Burgum
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 13.30 – 14.30 oere.

dbieb Stiens
Ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10.30 – 11.30 oere.

dbieb Gytsjerk
Iens yn de twa wiken op tiisdei, 13.30 – 14.30 oere.

Bibliotheek Bolsward
Ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Heerenveen
Ien kear yn de twa wiken op moandei, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Akkrum-Nes
Ien kear yn de twa wiken op woansdei, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Workum
Ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Joure
Ien kear yn de twa wiken op freed, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Oosterwolde
Ien kear yn de twa wiken op freed, 10.30 – 11.30 oere.

Bibliotheek Drachten
Ien kear yn de twa wiken op snein, 14.30 – 16.00 oere.

Huiskamerbibliotheek Holwert
Ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 14.00 – 15.00 oere. (ûneven wiken)

Nim ien mei, sko oan en lês mei! Oanmelde is net nedich. Foarkom teloarstellingen; check foarôf aktuele datums en tiden op de webside fan de biblioteek by Activiteiten / Samenleesclub.