Nim in boek en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. Sakje hearlik ûnderút yn in lekkere lêsstoel en ferjit even alles om dy hinne.

Kenst it fêst: wolst bêst lêze, mar wannear? En dan is der altyd dy telefoan… Kom dêrom nei Page Against the Machine: telefoan út, boek oan!

Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren, ûntstien yn Norwich UNESCO City of Literature. It bringt lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen yn Cities of Literature oer de hiele wrâld byinoar om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen.

Gjin boek by dy, mar wol meidwaan? Foarôfgeand oan Page Against the Machine kinst in lêsresept ophelje by de Culturele Apotheek. Dêrnei kinst in ‘pil’ keapje of liene by boekhannel Van der Velde, berneboekwinkel De Toverlantaarn of liene by Tresoar of dbieb. Der is ek fergees proefmedikaasje beskikber.

sneon 25 maaie, 14.00-15.30 uur, Prinsetún
fan 13.00 oere ôf en oant 16:30 oere: ynrinsprekoere Culturele Apotheek
as it waar minder goed is lêze we yn it Historisch Centrum Leeuwarden by de Prinsetún

Nei it lêzen wer hielendal opladen? Dûk de stêd yn foar it Fries Straatfestival!

Faker tiid meitsje om te lêzen? Tresoar organisearret alle moannen in Silent Book Club-jûn.

Klik hjir foar it ferslach en de foto’s fan Page Against the Machine 2023.

Programmearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Norwich UNESCO City of Literature en The Book Hive. Stipe troch it Cities of Literature-netwurk.

foto: Natalia Balanina