‘Meitsje it ûnfoarstelbere foarstelber’, dat is de útdaging dy’t trije Flaamsk-Fryske skriuwersduo’s krigen yn it projekt De Verwonderkamer. De makkers sitte fan 16 oant en mei 20 novimber yn (thús)residinsje, dêr’t se yngeand gearwurkje ûnder begelieding fan in literêre coach. Op sneon 21 novimber wurdt de residinsjewike ôfsletten mei in fergees tagonklik Zoom-event dêr’t de duo’s de fuortgong fan de literêre projekten presintearje.

De Verwonderkamer is in inisjatyf fan Productiehuis Explore the North, deBuren yn Brussel en Leeuwarden City of Literature. Yn it projekt binne Anne-Goaitske Breteler, Nicole van den Berg en Raymond Muller út Fryslân keppele oan respektivelik Arno Boey, Betül Sefika en Marie Borremans út Flaanderen. Yn it ramt fan de residinsjewike wurkje se yn twatallen oan de ûntwikkeling fan in literêr format wêryn’t it ûnfoarstelbere foarstelber makke wurdt. Marie Borremans en Raymond Muller (tegearre: @winterslaaphol) binne fassinearre troch it konsept wintersliep (en it wekker wurde derút) en wurkje oan in ‘audiosliepkuier’. Anne-Goaitske Breteler en Arno Boey (als twatal: @deheiligedag) sykje nei wat hjoed-de-dei noch hillich is. Betül Sefika en Nicole van den Berg skriuwe ûnder de namme @holy_faq oan petearen mei God op basis fan de frequently asked questions fan it libben.

Op sneon 21 novimber om 19.30 oere presintearje de twatallen de fuortgong fan de mienskiplike projekten yn in online Zoom-event datst fanút hûs bywenje kinst. It wurdt in ûnfoarstelbere jûn, dy’t ynsjoch jout yn it kreatyf proses fan de makkers. De duo’s litte in earste ferzy fan it projekt sjen, wêrmei’t se yn 2021 op ferskate poadia hoopje te stean. De Flaamske dichteres/performer Maud Vanhauwaert en de Nederlânske skriuwer/performer Joost Oomen prate de jûn op folslein eigen wize oan inoar. 

Reservearje no fergees dyn ticket!