Ljouwert UNESCO City of Literature siket 100 paradyslike tunen yn hiel Fryslân foar it projekt Utsteld gelok. Yn de tunen wolle wy yn de 100 dagen fan it kulturele programma Arcadia, fan 7 maaie oant 14 augustus 2022, alle dagen ien fan ús 100 nije koarte ferhalen fertelle oan it publyk.

100 ferhalen yn 100 dagen, op 100 spesjale lokaasjes

De tunen kinne blommetúnen, bosktunen, grientetunen, binnentunen, byldetunen of teetúnen by minsken thús wêze, mar ek folkstunen (doch mei mei it hiele kompleks!) of tunen of parken fan bedriuwen of ynstellings. It fertellen fan it ferhaal kin ek diel útmeitsje fan de programmearring fan in evenemint of festival. Tink oan de sfear fan in hûskeamerkonsert, mar dan mei in ferteller, yn de tún.

De wichtichste ynformaasje en betingsten:

– Yn de tún kinne op syn minst 15 minsken sitte (dit kin ek yn it gers wêze of op in troch it publyk sels meinommen túnstoel)
– Wy biede it ferhaal en de ferteller oan, in Utsteld gelok-ferhaal yn de tún kostet dy neat
– De tún is frij tagonklik foar publyk. Fansels kinst in drankje of hapke of produkten ferkeapje, de opbringst is foar dy.
– Op wurkdagen wurdt om 19.30 oere ferteld, yn it wykein om 15.30 oere
– De tún leit yn Fryslân
– It oanmelden fan tunen koe oant en mei 20 febrewaris, mar om’t wy sa’n protte oanmeldingen krigen hawwe, hawwe wy op 15 febrewaris de oanmelding sluten.