Hannen waskje? Gedicht lêze! Sûnt corona waskje we de hannen better as ea. Hoe noflik is it dan om yn dy tweintich sekonden in moai Frysk gedicht te lêzen? Dat kin mei Wjerspegelje, in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân.

By it wer iepen gean fan winkels, hoareka, musea, biblioteken en gebouwen fan de oerheid kamen yn trije rondes hieltyd mear gedichten op spegels yn de húskes foar it ljocht. It projekt is no kompleet, mei fyftich gedichten fan 28 dichters op twahûndert lokaasjes.