Dichters Arjan Hut, Neeltje Bonnema, Sannemaj Betten en Syds Wiersma droegen op Verhalenavond, freedtejûn 26 novimber, de gedichten dy’t sy skreaun hawwe foar it projekt Wjerspegelje foar by Tresoar.

Foar Wjerspegelje skreaunen 28 Fryske dichters fyftich Frysktalige gedichten dy’t no op spegels yn húskes op mear as 200 lokaasjes te sjen binne. Want yn it tweintich sekonden hanwaskjen kinst moai in Frysk gedicht lêze! Mei de QR-koade dy’t ek op de spegel stiet is de Nederlânske oersetting fan it gedicht te lêzen.

Tresoar wie ien fan de 20 lokaasjes yn Fryslân dêr’t ferhalen ferteld waarden op Verhalenavond. Troch de maatregels tsjin fersprieding fan corona waarden de ferhalen op Verhalenavond dit jier net ferteld yn wenkeamers, mar op in beheind tal gruttere lokaasjes dêr’t it publyk meardere ferhalen heare koe. Dat feroare net dat it in jûn waard mei bysûndere en persoanlike ferhalen mei as tema ‘Taal fan myn hert’.

Wjerspegelje is in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân, basearre op it foarbyld fan Zwolle (weerspiegelen.nl) en útfierd mei stipe fan ‘e provinsje Fryslân.

Verhalenavond is in produksje fan Pier21.

Foto: Verhalenavond