De winners fan de Tony Feitsmapriis 2025, in nije literêre priis foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier, binne Hielke van Duuren, Eelke Veltman en Pieter Zijlstra. Dêrnjonken binne ek trije debutanteprizen takend foar dielnimmers dy’t noch nea wat publisearre hawwe, oan Renske de Boer, Marije van der Eems en Tiemen de Boer.
De Tony Feitsmapriis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. Der wiene 37 ynstjoeringen. De debutanteprizen binne yn it libben roppen omdat it de bedoeling fan de priis is it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen. De Federaasje en har leden hawwe har o sa ynsetten om dat wier te meitsjen mei in workshop en oare aktiviteiten.
De prizen wurde útrikt op moandei 29 desimber om 10 oere yn de trouseal fan it gemeentehûs yn Frjentsjer, Riedhûsplein nûmer 1. Foar de priiswinners is der ek de mooglikheid om har bydrage te publisearjen yn Ensafh ûnder begeleiding fan de redaksje.