Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers, muzikanten en learlingen fan kristlik gymnasium Beyers Naudé gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede. Sy foarmen dêr in line-up mei koarte optredens.

De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.

De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en Ljouwert City of Literature.

Preston Losack: Dit komt echt dichtbij
Aggie van der Meer: De Dnjepr
Ina Schroders-Zeeders: Oekraïne
André Looijenga: Молитва за Україну/In bea foar Oekraïne

foto Preston Losack: Geart Tigchelaar