Yn augustus lêst de boekeklup fan it programma Brommer op zee Terpstra har boek ‘Al mijn moeders’ oer har Fryske foarâlden út it doarp de Harkema. It boek is de hiele moanne augustus, mei spesjale oantekeningen fan Terpstra, te lêzen yn de Brommer op zee-app. Tiisdei 6 septimber is der in meet up yn dbieb yn Ljouwert dêr’t alle lêzers wolkom binne.

De boekeklup fan Brommer op zee lêst alle moannen in boek ûnder begelieding fan de skriuwer sels. Yn de spesjaal ûntwikkele app is it eBook te lêzen tegearre mei oantekeningen fan de skriuwer oer it skriuwproses, anekdoates oer personaazjes of mei fragen foar lêzers. De app is fergees te downloaden op in smartphone of tablet.

Brommer op zee gie al mei de skriuwer werom nei De Spitkeet yn de Harkema en de finzenis yn Ljouwert, twa plakken dy’t in wichtige rol spylje yn it boek.

Nei de moanne fan it lêzen komme skriuwer en lêzers byinoar by de meet up op tiisdei 6 septimber om 19.30 oere yn dbieb yn Ljouwert, dêr’t lêzers de skriuwer moetsje kinne en fragen stelle kinne. De gearkomste is fergees by te wenjen, sawol op lokaasje as online.

Elkenien kin en mei meilêze!

Foto: Keke Keukelaar