Ferhalenjûn groeit troch! Nei jierren fan moaie ûntwikkelingen ûnder de wjukken fan teatergroep Pier21, ferhuzet de organisaasje fan Verhalenavond fan 2025 ôf nei it Frysk Biblioteken Netwurk (FBN). In moaie stap dy’t derfoar soarget dat Verhalenavond noch fierder groeie kin en breed ferankere wurdt yn hiel Fryslân.
De ôfrûne jierren hat Pier21 Verhalenavond net allinne op ‘e kaart set, mar ek artistyk fierder ûntwikkele. Der binne nije fertelmetoaden úttest en fierder ferfine, sadat ferhalen noch sterker en tagonkliker wurde. Dizze kennis is foar elkenien beskikber, wat bydroegen hat oan it súkses en de groei fan it evenemint. No is it tiid foar de folgjende faze: ferankering en fierdere ûntwikkeling binnen it FBN.
Takomst sûnder grutte feroarings
Verhalenavond bliuwt yn fertroude hannen. De ynhâld bliuwt itselde en ek de projektlieding bliuwt by Wini Weidenaar. De oergong nei it FBN betsjut foaral in direkte ferbining mei alle Fryske biblioteken, wêrtroch noch mear minsken berikt wurde kinne en Ferhalenjûn in noch gruttere ympakt krijt. Biblioteken binne by útstek plakken dêr’t ferhalen libje, dus de stap nei it FBN fielt as in natuerlike ûntwikkeling.
“Ferhalen” bringe minsken byinoar. Yn de biblioteken sjogge wy alle dagen hoe wichtich en krêftich dat is. Mei Verhalenavond as ûnderdiel fan it Frysk Biblioteken Netwurk kinne wy noch mear minsken berikke en meigenietsje litte fan de krêft fan ferhalen,” aldus Rien Vrijenhoek, direkteur fan biblioteek Drachten, nammens it FBN.
Merk Fryslân sil bydrage troch Verhalenavond ûnder de oandacht te bringen by kulturele en toeristyske ûndernimmers en besikers. Ek tinke sy mei oer bysûndere lokaasjes dêr’t fertellers harren ferhaal diele kinne.
Verhalenavond 2025
De folgjende Verhalenavond is op 21 novimber 2025 mei dit jier it tema ‘Doe’t ik dapper wie’. Lykas altyd kin elkenien de doarren iepenje om ferhalen te dielen.
Fotograaf: Mila de Smet