Op sneon 3 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen. Se sette fan 13.00 oant 17.00 oere de doarren iepen om dy te fertellen oer harren programma foar de kommende tiid, of om it dy sjen, hearre of belibje te litten! Rin fan foarstelling foar alle leeftiden, nei bandsjes, nei sesjes of tentoanstellingen, skoar wat iten en drinken ûnderweis, en gean jûns troch mei it ST< RTfestival!

Ek leafhawwers fan literatuer en taal komme 3 septimber oan bar. Sa kinne bern har by de Afûk foarlêze litte troch berneboekeskriuwers en organisearje Afûk en HCL beiden in lytse boekemerk. De Fryske Akademy jout ûnder oaren in miny-kursus Ald-Frysk. Yn Obe fan Tresoar ûntdekst ferhalen fan bekende en ûnbekende Friezen. By Tryater kinst yn in libbensgrut patatbakje stappe foar de audio-ynstallaasje Snackgelok oer konsumearje.

Lês de Uit in Huis-krante mei alle programma-ynformaasje en folgje Uit in Huis op Facebook.

Foto: Christian Kamminga