It Nederlands Letterenfonds yntrodusearret de Impulsregeling. It is in tydlike stipe- en stimulearringsregeling foar begjinnende literêre makkers, wêrûnder skriuwers, performers, yllustrators en makkers fan graphic novels dy’t wurkje yn it Nederlânsk, Frysk of Papiamintsk.

Startende literêre makkers binne hurd troffen troch de korona-krisis. Om dizze groep in kâns te bieden har wurk ûnder de oandacht te bringen fan in mooglik publyk, of te ynvestearjen yn har eigen ûntwikkeling en it opbouwen fan in profesjoneel netwurk, hat it Ryk ekstra budzjet beskikber steld.

Foto: Unsplash, Elisa Calvet