Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is hjoed by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.

Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”

Oer Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is sjoernalist, redakteur en skriuwer. Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken en ferhalen wurke se in tal jierren as Skoalskriuwer oan Fryske basisskoallen. Hoogeveen skreau ferskate boeken foar bern en folwoeksenen. Koartlyn fersoarge sy de Fryske oersetting fan it Oekraynsk printeboek Maia en har freonen en ferskynde fan har hân Abe en de Aardichman, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Berneboeke-ambassadeur

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.

foto: Joke Schut