Sytse Jansma wint mei syn bondel Rozige maanvissen (Atlas Contact, 2024) de Poëzijdebútpriis 2025, in inisjatyf fan Poëziecentrum Flaanderen en Nederlân en deAuteurs. Op sneon 18 oktober wie de priisútrikking op it Archipel Festival yn Sint Niklaas. De dichter krige in jildpriis fan 1500 euro.
Rozige maanvissen waard al earder bekroand mei de C. Buddingh’ – priis, foar it bêste Nederlânsktalige debút fan 2024.
Foto: Fjodor Buis