Noordwoord, Explore the North en Stichting literaire activiteiten in Drenthe sykje fjouwer literêre makkers út Grinslân, Fryslân of Drinte dy’t har ûntwikkelje wolle as skriuwer en wurkje wolle oan it meitsjen fan in performance, roman, skript, bondel, podcast of oare literêre foarm.
It ûntwikkeltrajekt duorret likernôch in jier, fan ein 2025 oant begjin 2027. Fjouwer literêre makkers krije persoanlike begelieding by it proses fan it meitsjen, residinsjes op lokaasje, netwurkmooglikheden en gelegenheden om wurk te presintearjen oan publyk.
Oftst no wurkest op papier, op it poadium of yn de digitale wrâlden: lês gau fierder en meld dy oan foar 2 novimber 2025!