Gemeente Ljouwert is tsjin diskriminaasje en rasisme. Om dat sjen te litten is op tiisdeitemoarn 7 oktober, Diversity Day, in gedicht fan stedsdichter Marrit Jellema ûntbleate yn it gemeentehûs.

It gedicht is ôflaat fan in gedicht tsjin rasisme en diskriminaasje dat Marrit earder dit jier foar de gemeente Ljouwert skreau. Dit gedicht waard op 21 maart, de Internationale dag tegen racisme en discriminatie, mei alle meiwurkers oer de mail dield. Yn it gedicht ropt Jellema op om ferskillen te omearmjen en inoar mei respekt te behanneljen.

Gemeente Ljouwert is der foar elkenien, mei eltse eftergrûn, gender of seksualiteit. De fyzje fan de gemeente is dan ek: “De gemeente Ljouwert strielt út dat elkenien wolkom is, nettsjinsteande âldens, sekse, komôf, kleur of aard. Der is gjin sprake fan diskriminaasje en elkenien krijt deselde kânsen.”

Om dat bliuwend út te dragen nei meiwurkers én ynwenners wurdt it gedicht fan Marrit Jellema op in sichtber, bliuwend plak sjen litten. It gedicht stiet op de wite winteltrep by de balys fan Boargersaken.

By de ûntbleating wiene Marrit Jellema, wethâlder Nathalie Kramers, meiwurkers fan Tûmba en meiwurkers fan de gemeente oanwêzich.

Foto: Mitch De Pon