Yn in folle Johannestsjerke yn Weidum is op snein 14 septimber it earste Deade Dichters Deklamatoarium (DDD) fan Fryslân holden. Njoggen dichter-foardragers setten de poëzy fan tolve ferstoarne Fryske dichters yn it ljocht. De muzikanten Axl Hofstede en Wilco Hoekstra soargen foar de muzikale yntermezzo’s en begelieding. Dichter fan Fryslân Arjan Hut presintearre de middei.
It gie yn dizze earste edysje om wurk fan dichters dy’t yn de ôfrûne tsien jier ferstoarn binne: Willem Abma, Jelle Kaspersma, Tsjisse Hettema, Jan Dotinga, Josse de Haan, Hindirk Hannema, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Abel Oostra, Jacobus Q. Smink, Gryt Witbraad en Piter Yedema.
De oanwêzichheid fan famylje fan de ferstoarne dichters makke de sfear ekstra bysûnder. Famylje en de oare oanwêzigen wiene nei ôfrin tige entûsjast oer de opset fan de middei. Der is dan dan ek troch de organisaasje besletten it barren út te wreidzjen en der in jierlikse tradysje fan te meitsjen.
Foto: Geart Tigchelaar