Oersetters dy’t oan in earste literêre oersetting yn it Nederlânsk of Frysk wurkje sille, kinne fia de regeling Starters- en ontwikkelbeurzen literaire vertalers fan it Nederlands Letterenfonds in startersbeurs oanfreegje foar harren debútoersetting.
Dêrneist kinne sawol startende as betûfte literêr oersetters in ûntwikkelbeurs oanfreegje om te ynvestearjen yn harren fakynhâldlike kennis en kultureel ûndernimmerskip fierder te ûntwikkeljen.
It Nederlands Letterenfonds wol hjirmei ynvestearje yn de oersetkwaliteit en de literêre oersetkarriêre fan oersetters.
Dizze subsydzje makket ûnderskied tusken Startersbeurs literair vertalers en Ontwikkelbeurs literair vertalers. Op de webside fan it Letterenfonds fynst de ûnderskate omskriuwingen en betingsten foar it oanfreegjen fan dizze regeling.