Yn de Week tegen eenzaamheid (25 septimber o/m 1 oktober 2025) stiet yn Ljouwert in bysûnder literatuerprojekt sintraal: Sprekende stenen. In kuierrûte by gevelstiennen en in moetingsbank del bringt ferhalen oer iensumens ta libben – letterlik en figuerlik.

Hoe fielt iensumens? Hoe klinkt it, hoe rûkt it miskien sels? Fiif skriuwers binne yn petear gien mei minsken dy’t elk op har eigen wize mei iensumens te krijen hân hawwe. Harren persoanlike en ynkringende ferhalen binne ferwurke ta harkfragminten. Wa’t de rûte rint, ûntdekt acht sprekkende stiennen yn de binnenstêd en in spesjaal ûntwurpen moetingsbank. Troch de QR-koade by de stiennen te scannen, wurde de ferhalen hearber.

Sprekende Stenen makket iensumens sintúchlik en ynfielber, midden yn de stêd, tusken de minsken. Want iensumens heart by it minsk-wêzen en mei bepraat wurde. Mei dit projekt wolle de makkers bydrage oan ferbining en bewustwurding – krekt wêr’t de Week tegen eenzaamheid om draait. It is in bysûndere kâns om ûnder in kuier stil te stean by wat iensumens betsjut, en tagelyk nije moetings en petearen op gong te bringen.

Mear witte oft de kuierrûte rinne? Gean nei de webside of helje de folder mei plattegrûn op by Visit Leeuwarden op it Aldehoustertsjerkhôf.