It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea is ‘The waste land’ fan T.S. Eliot. Hûndert jier lyn skreaun, ynspirearret it noch alle dagen skriuwers, songwriters en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola.
Slieker film fertoant ien kear ‘The Waste Land’, op tiisdei 7 maaie om 19:30 oere. Dichter fan Fryslân Arjan Hut liedt de film yn mei in persoanlike refleksje en fertelt hoe’t dit wurk in wichtige ynspiraasjeboarne is foar de poëzijbondel dêr’t er op dit stuit oan wurket. Besikers krije in boekje mei dêryn sawol it orizjinele gedicht fan T.S. Eliot as in nij gedicht fan Ilja Leonard Pfeijffer. Dizze jûn komt ta stân yn gearwurking mei Leeuwarden UNESCO City of Literature.
Arjan Hut: “Op de weromreis fan Skylge, oktober ’22. Wy moasten lang op ‘e boat wachtsje. Ambulânses en plysjeweinen op ‘e kaai. Op it fear slaan ik The Waste Land iepen. ‘Death by water’, it fjirde diel, dêr bin ik. Lês: ‘A current under sea / picked his bones in whispers ’. Om my hinne de rûs fan stimmen, oer in botsing, moarns yn it tsjuster, der soene minsken fermist wêze.”
‘The waste land’ is in film dy’t djip yngiet op it komplekse weefsel fan it ferneamde gedicht. Eliot skreau in gedicht as in lapketekken en sitearret út Dante, it boeddhisme en it hindoeïsme.
Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde wurk noch dwers troch ús tiid rinne. Skreaun yn in tiid fan krisis en ûnwissens, resonearret ‘The waste land’ mei de útdagingen fan ús eigen tiid, lykas klimaatferoaring, politike ynstabiliteit en de syktocht nei ‘nije’ betsjutting yn in fluch feroarjende wrâld.
Wy sjogge hoe’t it foarútgongstinken letterlik stûket oan de grinzen fan ús maatskippij. Skriuwers as Chris Keulemans en Ilja Leonard Pfeijffer, de betinker fan it basisynkommen ekonoom Guy Standing, celebrity-sociolooch Richard Sennett en ‘Gandhi of grain’ Vandana Shiva jouwe dêr reaksje op.
De film rekket sawol oan de teloarstelling oer de wrâld fan 100 jier lyn as oan dy fan no, mar is foaral ek in tige rike fisuele en auditive ûnderfining oer de minske yn al syn ûntsachlike en bjusterbaarlike kreativiteit, yntellekt en ûndernimmingslust. ‘The waste land’ is oeral en fiert dy fan it grutstedske Londen nei it nimmenslân yn de Mojavewoestyn, en fan it Italië fan Ilja Leonard Pfeijffer lâns de Poalske grins oant yn Yndia ta.