Hokker lyts gelok fertsjinnet in grutter ferhaal?

Wat is bysûnder op in fierder deagewoane dei, wat falt ta as alles tsjin liket te sitten, wat bliuwt gelokkich altyd itselde ek al is al it oare yn beweging? 

Foar Lyts gelok siket Ljouwert UNESCO City of Literature 100 bysûndere literêre teksten oer dy mominten datst krekt even oars sjochst nei wat der is. Nim ús mei yn de ferwûndering dy’t dy samar oerfalle kin, en beskriuw de lytse freugden dy’t de dei kleurje, de fraksjes fan gelok dêr’tst hast oer stroffelje kinst. 

Hokker lytse (ûn)opfallende saken fertsjinje in grutter ferhaal? – dat trouwens hielendal gjin grut ferhaal hoecht te wêzen, mar ek in koartere tekst, gedicht, dialooch, strip, ferske, oertinking wêze mei

  • deadline foar it ynstjoeren: snein 10 novimber
  • kinst yn elke taal en yn elk literêr sjenre skriuwe
  • dyn tekst bestiet út maksimaal 1.500 wurden

Yn de 100 dagen fan trijejierliks kultureel programma Arcadia yn de simmer fan 2025 yn Fryslân, makket Ljouwert UNESCO City of Literature elke dei ien fan dy nije teksten iepenbier op hieltyd in oare ûnferwachte manier, om sa by te dragen oan krekt dy deistige ferwûndering. Lyts gelok is it ferfolch op Utsteld gelok en ûndersiket fierder wêr’t we de ljochtpuntsjes fine kinne yn ús libben, dêr’t we ús oan fêsthâlde kinne yn tiden fan grut leed yn de wrâld.

Ynstjoeringen

Stjoer dyn tekst yn fia dit formulier. By dyn ynstjoering wurdt frege om dyn namme, wenplak, bertedatum en eventuele skriuwûnderfining.

Ut de ynstjoerde teksten wurdt in seleksje makke op basis fan kwaliteit, orizjinaliteit en diversiteit. Hearst uterlik 1 desimber 2024 oft dyn tekst útkeazen is. By twifel jouwe we foarkar oan skriuwers dy’t yn 2022 net selektearre wienen foar Utsteld gelok.

Utkeazen skriuwers wurde ûnderdiel fan it projekt en krije krekt as alle oare skriuwers dy’t meidogge in honorarium fan 700 euro. De skriuwer jout yn gefal fan dielname tastimming om de tekst te publisearjen fia eigen kanalen fan Ljouwert UNESCO City of Literature en dy fan de partners fan it projekt.

Lyts gelok is in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en makket diel út fan Arcadia 2025.

Hast nei oanlieding fan dizze oprop in fraach, nim dan kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektlieder Lyts gelok op kleingeluk@leeuwardencityofliterature.nl.