In boek datst slope meist. Oars? Ja! Helpt it? Absolút. Learlingen yn it vmbo en praktykûnderwiis sette dizze moanne útein mei it fernijende lêsbefoarderingsprojekt Sloop dit Boek. Troch te slopen, wurdt op tweintich skoallen boud oan mear wille yn it lêzen.
Yn gearwurking mei de Fryske Biblioteken lansearret Fers dizze moanne it lêsbefoarderingsprojekt. Oan’e hân fan fyftjin opdrachten wurkje learlingen stap foar stap oan positive lêserfaringen. Wichtich yn in tiid dat de lêsfeardigens en de lêsmotivaasje al jierren sakket, benammen by vmbo – en praktyklearlingen.
Oftraap by PRO Drachten
Op tiisdei 20 jannewaris hat de ôftraap fan it projekt west op praktykskoalle PRO Drachten. It earste eksimplaar fan ‘ Het-Sloop-Dit-Boek-Boek ’ is útrikt oan dosint en fervint lêsbefoarderer Famke Weersma-Wink. Sy wie fan de earste pilot ôf belutsen. Weersma-Wink: “ Ik zie hoe lezen de sleutel kan zijn. It iepenet de wrâld, it jout dyn wurden om dysels hearre te litten. Dit projekt is boartlik en leechdrompelich. Learlingen blêden, ûntdekken, besykje. En stikje by bytsje feroaret der wat “. Nei de útrikking binne de learlingen oan ’e slach gien mei de earste opdracht, wêrby ’t se de – yn harren eagen – stomste bledside út it boek skuorre mochten.
Romte foar lêseangst
Om learlingen mei lêseangst en -tsjinsin lêze te litten, is it fan belang dat we dizze wearsin serieus nimme. Mei Sloop dit Boek wurdt úteinset mei de faze foar’t lêzen aardich wurdt. Lêze mei stom wêze. En út de feilichheid fan dy erkenning wei wurdt stap foar stap wurke oan positive lêzerfaringen. ‘ Ien fan de moaiste wizen om learlingen oan it lêzen te krijen, is troch se subtyl te ferlieden. En dat is neffens my krekt wat Sloop dit Boek, nettsjinsteande de net sa subtile titel, dwaan wol ’, sa seit Roel van Steensel, Heechlearaar Leesgedrag Vrije Universiteit en Hoogleraar Lezen & Onderwijs Erasmus Universiteit. Der wurdt net doelleas smiten of stikken makke. Learlingen meie besmette, bekladzje, knippe, skriuwe, teare en skuorre. Der wurdt sloopt, mar der ûntstiet benammen wat oars. Learlingen dogge dêrmei positive lêsûnderfining op, sadat de wjerstân ôfnimt en de wille yn it lêzen en it selsfertrouwen tanimme.
Gearwurking mei ûnderwiis en eksperts
By it ûntwikkeljen fan it projekt binne dosinten en lêskonsulinten fan de Fryske Biblioteken belutsen. Dêrneist binne ferskate eksperts en ûndersikers op it mêd fan lêsbefoardering rieplachte, ûnder oare fan Fers en Stichting Lezen. It projekt wurdt dit skoaljier foar it earst útrôle by learlingen vmbo basis en kader, en binnen it praktykûnderwiis. ‘Het-Sloop-Dit-Boek-Boek’ stiet fol mei rike teksten dy t sekuer selektearre binne foar de doelgroep en dy’t oanslute op it tema identiteit. De fragminten ferskille yn ynhâld, tekstsoarte en eftergrûn fan de skriuwers. Se komme út (jeugd)romans, graphic novels, gedichten, young-adult-boeken en ynformative boeken. Ek is de seleksje meartalich. Troch al dizze fariaasje fine learlingen werkenning, humor en útdaging yn teksten dy’t like ferskillend binne as sysels.
Sloop dit Boek is mei mooglik makke troch in bydrage fan Stichting Lezen. It makket diel út fan it Fries Leesoffensief, in gearwurking fan maatskiplike organisaasjes om lêzen en wille yn it lêzen te befoarderjen. It boek is útjûn troch Elikser yn Ljouwert.
Foto: Yrsa Heijdra