Cozy Winter Ambience With A Crackling Fire

de 0 graden komfort sliepsek
en ik foarmen in rûp
do tusken my en de hûn

as ik te betiid 
tegearre mei Snowy
de tinte út kom

rêste Wite Wiven boppe hurde grûn
is de kening ek wekker wurden

enoarme oranje ikeblêden
hawwe in sulveren rantsje krigen

by de tinte hasto 
oploskofje klearmakke
de reek dy’t der ôf komt
magysk as sa’n YouTubefilmke mei
hurdfjoer op ’e achtergrûn

Frysk gedicht en en Nederlânske oersetting: Gabrielle Terpstra

Gabrielle Terpstra (1990) is skriuwer en performer mei in passy foar poëzy en optredens. Ofstudearre oan de Academie voor Popcultuur yn 2023. Oprjochter fan it kollektyf Pauper Poëzie, dêr’t se net-polyste wurken útbringt mei in boadskip fan hoop. Gabrielle is sjoernalist foar goeie.frl en De Moanne, redaksjelid by it literêre tydskrift Ensafh en presintator en produksjelieder fan de podcast ‘Gabrielle en Arjan bedoele it net Ferkeard’. Yn septimber ’24 ferskynde har debútbondel ‘Tsjintwurdich is alles better’. Gabrielle trede ûnder oare op yn Antwerpen, op Ruigoord, by de VPRO en op ferskate plakken yn Fryslân, dêr’t se ek wennet.

Ingelske oersetting: Donald Gardner

De yn Londen berne Donald Gardner (1938) wennet sûnt 1979 yn Nederlân. Hy is dichter en literêr oersetter. Hy wûn de Vondel Translation Prize foar syn seleksje fan Remco Camperts poëzy, ‘In Those Days’ (Shoestring Press, Nottingham, 2015). Yn 2025 ferskine bondels mei syn oersettingen fan Stefan Hertmans en Maria Barnas by Shearsman Books (Swindon, VK). Hy publisearre ek in soad eigen poëzy. Syn bondel ‘ New and Selected Poems (1966 -2020) waard útjûn troch Grey Suit editions (Londen, 2021). Donald makke ek de Ingelske oersettings foar it projekt Sprekende stenen in Leeuwarden.

Yllústraasje: Michiel Kloppenburg

Michiel Kloppenburg (1984) is freelance yllustrator en animator en wennet yn Jelsum. Syn styl kin omskreaun wurde as kleurryk, boartlik en minimalistysk. Michiel wurket graach oan projekten dy’t te krijen hawwe mei duorsumens en natuer. Hy is mei-oprjochter fan Motiontales, in animaasjestudio dy’t komplekse ynformaasje begryplik makket mei animaasje en motion design. Ek is er mei-oprjochter fan Level Up Coworking, in coworking space yn Ljouwert foar kreative freelancers.