Dûsdixi <3
As ik om 12 oere de doar iepenje
fan ús mobile badkeamer
– in dûsdixi op ’e stoepe –
falle tegearre mei de strielen
fan de sinne 7 bernegesichten
myn eachweid binnen.
‘Hasto dûst?’ ‘Wêrom hjir?’
‘Is jim badkeamer kapot?’
‘Ja klopt, dy wurdt ferboud!’
‘Ohhh, wat stom . . .’
‘Nee juh, absolút net,’ sis ik
fanôf it dûsdixi-bordeske
‘no kin ik jim begrrroetsje!’
Se skuorre har de bûsen út om
myn artikulaasje en rôze badjas.
Ohhh, wat is it befrijend
om midden op ’e dei
sa útlake te wurden
troch bern yn de sinne dy’t
thús wer wat fertelle kinne.
Frysk en Nêderlansk gedicht: Eelke Veltman
Eelke Veltman (2001) studearret Kulturele Antropology, is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân (2025-2027) en skriuwt poëzy foar poadium en papier. Yn syn wurk ûndersiket er de gruttere gehielen dêr’t wy lytse minsken ûnderdiel fan binne, west hawwe of wêze kinne. Syn taal tsjûget fan ferlies en ferfal, mar der is ek each foar de ferrassende iepeningen dy’t hjir út weikomme. Op it stuit tinkt er nei oer ezels, nostalgy en herinneringen. Eelke hat ûnder mear publisearre yn Ensafh en de Moanne en optreden by Dichters in de Prinsentuin en Explore the North Festival. Hy waard yn 2025 selektearre foar de Parys-residinsje van deBuren en wie ien fan de winners fan de Tony Feitsmapriis.
Ingelske oersetting: Laura Watkinson
Laura Watkinson is in taalleafhawwer en literêr oersetter út it Nederlânsk, Dútsk, Italjaansk en Frysk nei it Ingelsk. Se hat wurk fan ûnder oaren Cees Nooteboom en Tonke Dragt oerset en wennet mei har man en harren kat yn in heech, smel hûs yn Amsterdam. Op dit stuit leit se de lêste hân oan Cricket, har Ingelske oersetting fan Krekel fan Annet Schaap, en stiet se op it punt te begjinnen mei de oersetting fan in graphic novel fan Judith Vanistendael.
Yllustraasje: Redmer Hoekstra
Redmer Hoekstra (1982) is yn 2009 as byldzjend keunstner en yllustrator ôfstudearre oan de keunstakademy yn Zwolle. Hy fynt in soad ynspiraasje yn it filosofearjen oer de werklikheid, de wurking fan dingen en de beweging fan bisten. Syn assosjative brein kombinearret op fassinearjende wize hiel ferskillende foarmen. Redmer brûkt in bewerklike en ambachtlike technyk. Hy makket mei fineliners pintekeningen op papier, wêrby’t er in soad wurket mei arsearring. De tekeningen binne sa realistysk mooglik, sadat de ferfrjemding en ferwûndering by de sjogger fersterke wurde.