Carpe Diem

Ticht omslute tulpeknoppen
elk in eigen binnenwrâld.
Op slanke stâlen, sterk fan
stal – as Atlas doeme
om ’e himel te dragen.

In mearknoppige konstellaasje,
stjerren fan in útdijende maitiid.

Alles wat mooglik is leit yn
blomblêden besletten; in
swym fan read skimeret al
troch it grien, miskien pears
of rôs – it ûnthjit hast
te swier om wier te wêzen.

Oant de blommen iepenbarste;
útteard fel gelyk al te fyn
om werklikheid te wjerstean –
elk begjin likegoed te’n ûnder gean.

Frysk en Nederlânsk gedicht: Tryntsje van der Steege

Tryntsje van der Steege (1984) is skriuwer, oersetter en redakteur. Se is studint oan de Skriuwersfakskoalle sûnt 2021. Yn 2023 wûn se de ferhalewedstryd BoekWinterBoek mei ‘De ynset’, en krige se har earste Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘It lûd’. Yn 2025 wûn se op ’e nij in Rely mei it gedicht ‘De swimmers’. Tryntsje makke foar útjouwerij Regaad in oersetting út it Ingelsk wei fan ‘Enola Holmes – De saak fan de fermiste markys fan Nancy Springer’. Fierder wurket se as projektkoördinator foar Ljouwert UNESCO City of Literature en besprekt se literatuer foar it kultureel radioprogramma ‘Op en Út’ fan Omrop Fryslân.

Ingelse oersetting: David Colmer

David Colmer (Adelaide, 1960) set romans, poëzy en berneliteratuer oer en is de Ingelske oersetter fan ûnder oaren Adriaan van Dis, Gerbrand Bakker, Dimitri Verhulst en Willem Frederik Hermans. Colmer sette poëzy oer fan ûnder oaren Hugo Claus, Radna Fabias, Menno Wigman en Ramsey Nasr. Berneboeken dy’t Colmer ûnder hannen naam binne û.o. fan Annie M.G. Schmidt en Paul van Loon.

Yllustraasje: Redmer Hoekstra

Redmer Hoekstra (1982) is yn 2009 as byldzjend keunstner en yllustrator ôfstudearre oan de keunstakademy yn Zwolle. Hy fynt in soad ynspiraasje yn it filosofearjen oer de werklikheid, de wurking fan dingen en de beweging fan bisten. Syn assosjative brein kombinearret op fassinearjende wize hiel ferskillende foarmen. Redmer brûkt in bewerklike en ambachtlike technyk. Hy makket mei fineliners pintekeningen op papier, wêrby’t er in soad wurket mei arsearring. De tekeningen binne sa realistysk mooglik, sadat de ferfrjemding en ferwûndering by de sjogger fersterke wurde.