Mei-inoar genietsje fan ferhalen makket it deistige libben riker. Dêrom is Ljouwert UNESCO City of Literature yn jannewaris 2024 mei de Culturele Apotheek úteinsetten mei Mei-inoar lêze (samenlezen) yn hiel Fryslân. We lêze yn biblioteken, doarpshûzen en op oare lokaasjes.

Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Meist alle kearen oanskowe, mar in inkelde kear komme kin ek. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen. De groep stimt ôf yn hokker taal der lêzen wurdt en hokker taal praat wurdt. Wa’t wol kin reagearje op de teksten. Wat sizze de wurden? Wat dogge se mei dy? Rekket de tekst dy? Werkenst dysels yn de tekst?

By Mei-inoar lêze draait it hieltyd om de ferbining tusken teksten en it deistich libben. Oantinkens, assosjaasjes, emoasjes en tinzen soargje foar moaie petearen. Meidwaan oan Mei-inoar lêze is fergees. It is net nedich om oan te melden. De kofje en tee stean klear.

Wannear en wêr?

– it is net nedich om oan te melden! –

dbieb Grou
fan 3 september 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op woansdei, 9.30-10.30 oere

Wilde Wijk Leeuwarden
alle twadde en fjirde tongersdei fan de moanne, 14:00-15:00 oere

dbieb Leeuwarden
fan woansdei 3 septimber 2025 ôf alle woansdeitemoarn, 10.30-11.30 oere 

dbieb Burgum
fan woansdei 10 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op woansdei, 13.30-14.30 oere

Doarpskeamer Akkrum-Nes
fan woansdei 24 septimber 2025 ôf alle twadde en fjirde woansdei fan de moanne, 10:00-11:00 oere

dbieb Gytsjerk
fan tiisdei 9 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 13:30-14:30 oere

dbieb Stiens
fan tongersdei 28 augustus 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10:30-11:30 oere

Bibliotheek Drachten
fan snein 4 jannewaris oant en mei 26 april 2026 ien kear yn de twa wiken op snein, 14:30-16:00 oere
fan 11 maaie o/m 22 juny ien kear yn de twa wiken op moandei, 14:30-16:00 oere (net op 25 maaie y.f.m. Pinksteren)

Bibliotheek Heerenveen
fan moandei 8 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op moandei, 10:30-11:30 oere

Bibliotheek Bolsward
fan tongersdei 4 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op tongersdei, 10:30-11:30 oere

Bibliotheek Joure
fan freed 12 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op freed, 10:30-11:30 oere

Bibliotheek Lemmer
fan tiisdei 16 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op tiisdei, 10:30-11:30 oere

Bibliotheek Dokkum
fan woansdei 3 septimber 2025 ôf ien kear yn de twa wiken op woansdei, 10:30-12:00 oere

Nim inoar mei, skow oan,
oanmelde is net nedich!

Mei-inoar lêze is in aktiviteit fan de dielnimmende lokaasjes, de Culturele Apotheek en Ljouwert City of Literature.
Mei Mei-inoar lêze wurkje we mei oan it Fries Leesoffensief.

Foto’s: Jacob van Essen | Hoge Noorden