Lis de kop mar op de rêch
wit dat eltse wolk
al tûzen kear de wrâld rûn west hat
mar dat de legens oerlibbet
tajûn, de mist is fuortlutsen
mar mei in kap oer myn holle
en in knodzige fûst
skriuwt it net ienfialdich
dizze maitiidsdei
it blêd yn myn hân makket allinnich mysels weak
dy lege bewolking
ik wit it net
it is as boartet de dea der mei
Jan Kleefstra
Om drûge fuotten
De grime fan grimmiger waar ferlit in miljoen,
elk jier mear, ferbazend wêrom’t ik Poseidons haat
hjir fûn, en ûntrûn. In brakke earmoed, helder sjoen
in folk syn brek oan oerfloed, izich kapitoalklimaat
mylde omslach nei gebed. It mei broeie, eazje – ba! – of frieze,
‘Rûzige tijen winne net!’, sizze as Neptunus’ bern de Friezen.
Heech fleanend boppe it brûzen dêr, brocht my de úttocht
mei Lufthansa teplak, sakjend nei de sompe, foet oan it fean
dêr’t natuerlik iis ferlerne soan is, en gjin Atlantic rjochtdocht –
hjir learde folk fijannich wetter omstean en is de ramp ferbean.
Hudson is Waad
Frjemdling te bedaard,
Noardse nokturne,
Fryslâns grêften
en syn eilannen Ellis.
mar rommer koe it net.
Freya’s tút en erfenis,
fredich pompend hert.
Preston Losack
(oersetting: Eppie Dam)