It firus fan gelok - Leeuwarden City of Literature

Terapeut en tûzenpoat Jeroen Stek is krekt úteinset mei it teäterkolleezje Geluk, wat een gedoe. ‘It wie bot nedich. Foaral at je sjogge hokker effekt corona of de oarloch yn Oekraïne op guon minsken hat. Of at je sjogge hoefolle jonge minsken in burn-out hawwe of depressyf binne.’ Neffens Stek kinst dyn eigen harsens traine om lok better gewaar te wurden, sûnder dat der in pil oan te pas komt. 

Tekst: Wendy Kennedy | Foto: Henri Vos

‘Ik gean fluitsjend nei it wurk en kom fluitsjend wer thús’, aldus de enerzjike en de entûsjaste Jeroen Stek út Ljouwert. Hy past sels ta wat er predikt. Yn syn teäterkolleezje oer lok fertelt hy oer de breinskiif fan fiif: positive oandacht at it giet om emoasjes en mindset, it oars nei stress sjen, it boartsjen, relaasjes & ferbiningen en liif en sûnens. ‘Kinst dyn harsens op dit mêd traine, it is krekt in spier. At je je brein leare te ûntspannen en aktyf nijsgjirrich te hâlden dan makkest de kâns grutter dat je mear fokus krije op mominten fan lok.’

Hy is yntusken 17 jier oan it wurk as terapeut by psychologenpraktyk Maarsingh & Van Steijn yn Ljouwert, wat hy eins wol unyk fynt. ‘Gewoanwei hâld ik it sa’n sân jier ergens fol.’ Hy hat ûnder oaren direkteur west fan in fakânsjepark en wie part-time sjoernalist. Dochs docht hy no ek fan alles. Hy is yndividueel, relaasje- en gesinsterapeut, docht ûntwikkelingstrajekten by organisaasjes en jout teäterkolleezjes. Dit allegearre mei deselde driuwfear: minsken hânfetten jaan foar in lokkiger libben.  

Lok liket hiel ûngrypber en persoanlik, mar der is in soad wittenskiplik ûndersyk nei dien. Sa ferwiist Stek nei in ûndersyk dat de universiteit fan Harvard tachtich jier lyn begûn is. ‘Se folgje in grutte groep minsken út ferskate lagen fan de befolking, dêr’t no hieltyd mear de resultaten fan bekind wurde. En wat blykt derút? It lok sit net yn wolfeart, hoe ien wennet of wat ien docht. De minsken dy’t dierbere ferbiningen mei oare minsken ûnderfine binne it lokkichst. It hoege der net in soad te wêzen, mar it giet om in dierbere en djippe konneksje mei in oar. De ûnderfining is fan belang, want je kinne je bygelyks ek iensum binnen in relaasje fiele. We binne sosjale bisten en fine it wichtich om erkenning en herkenning te krijen, belangryk yn de eagen fan in oar te wêzen en it gefoel te hawwen dat je der wêze meie.’ 

“Je kinne je brein traine op positive emoasjes”


Dochs kin lok ek in bytsje stjoerd wurde. Stek fertelt dat ús emosjonele brein de baas yn ús holle is en dat negative emoasjes faak fan nature de oerhân hawwe, fanwege de oerlibbensmeganismes dy’t noch sa djip yn ús sitte. ‘Mar je kinne je brein traine op positive emoasjes troch bygelyks eltse dei yn in skrift op te skriuwen wêr’t je dy dei bliid en lokkich fan waarden.’ 

Mar it is net de bedoeling om negative emoasjes ûnder it tapijt te skowen. ‘Ien fan de belangrykste dingen is dat je ek negative emoasjes oandacht jaan moatte. It bêste is om dizze te trochlibjen en se te dielen mei in neiste. At je it oandacht jouwe, dan wurdt it sêft, at je dat net dogge dan wurdt de pine grutter. We hoege ús net te skamjen om bygelyks fertrietich te wêzen. Boppedat jout it omearmjen fan ûngelok mear ferdjipping yn it libben en kinne je ek better genietsje fan lok.’

‘Fierder is it hiel belangryk hoe’t je nei de wrâld sjogge.’ Hy hellet hjirby de termen  growth mindset en fixt mindset oan. ‘Us brein wurdt al prutsend better en dat moatte je leuk fine: it meitsjen fan fouten is just goed. Hoe jonger je binne, hoe sneller de harsens herbetriedzje, dus hoe sneller je nije dingen leare. By in folwoeksene duorret dat gemiddeld trije moanne foardat dy wat nijs ûnder de knibbel hat. Je moatte it efkes folhâlde, mar it kin bêst.’  

Wat hjir op trochborduerd is de fisy op stress. ‘We sjogge stress hieltyd faker as yts negatyfs, yn plak fan dat we ûndersykje wêrom’t we stress hawwe. By stress meitsje we de hormoanen kortisol en DHEA oan. Fan kortisol wurde je alert, mar at dit te lang duorret dan kinne de harsens net mear goed herbetriedzje en leare. DHEA soarget derfoar dat we leare fan in stressfolle situaasje.’ Syn advys? ‘Sjoch op in positive wize nei stress, ûndersykje wat it fertelle wol en los it, sa mooglik, op.’ 

It kredo om dyn harsens yn in mear ûntspannen tastân te krijen is neffens Stek boartsjen. Benammen folwoeksen minsken. ‘Dit is sa belangryk! Rûn je 44ste is der in grutte kâns dat je de steat fan terminale serieusens berikke, mar dat is net sa goed foar it brein’, fertelt Stek dy’t ek organisaasjes begeliedt. ‘Ik freegje wolris oan managers strak yn pak oft se wolris huppelje. We boartsje fierstene te min, dat is echt skande. Ek humor en om jesels laitsje meitsje safolle moaie stofkes frij yn it brein.’

Wat in soad minsken bekend yn ‘e earen klinke sil foar in ûntspannen en lokkich libben is bewege en sûn libje. Ek Stek ûnderstreket dit, al kinst hjir noch mear úthelje at je dit bewust dogge. ‘Sels kuierje ik faak troch de Prinsetún. At ik soargen haw dan bin ik yn mysels keard en sjoch ik neat fan de omjouwing. At ik ûntspannen bin dan hear ik de fûgels, sjoch ik de blommen en beammen. Ik fyn dit hearlik en dit jout my in soart fan lok, at je je der mar foar iepenstelle.’  

“Kuierje en prate wurket faak better en sneller as pillen en prate”


Al dizze dingen komme ek foarby yn syn teäterkolleezje oer lok, dat hy tegearre mei Ton Kemp jout. ‘Dizze positive psychology kin beskermjend en preventyf wurkje.’ Wat opfalt is dat wy yn ien fan de lokkichste lannen yn ‘e wrâld wenje, mar tagelikertiid slikke mear as in miljoen Nederlanners antydepresiva. ‘It is in quick fix. At it nedich is, dan snap ik dat, mar by ús yn de praktyk dogge we dat niet hiel faak. It programma dat we oanbiede helpt ek. Ut ûndersyk blykt dat kuierje en prate faak better en sneller wurket as pillen en prate.’  

Is lok echt makber?  ‘Makber fyn ik in yngewikkeld wurd, mar it brein is wol te trainen. It ferskilt per minske mar oer it algemien leit hoe’t je binne foar 40 prosint fêst yn de genen, foar 10 prosint wurdt it beynfloede troch de omjouwing en 50 prosint is hoe je sels mei saken omgeane. Men hat dus in soad romte om te kiezen hoe’t je mei tsjinslach omgeane. Grutte fraach is wêrom’t net folle mear minsken lokkiger binne at it sa simpel liket. ‘Dat komt omdat we gjin ynspanningen dwaan wolle dy’t op de lange termyn pas effekt hawwe. Ut ûndersyk blykt bygelyks dat it goed is foar ús sûnens om elts oere dat we oan it wurk binne fiif minuten oan te lummeljen, mar hast gjinien docht dat.’ 

In stikje disipline dus yn kombinaasje mei hieltyd mear kunde. Stek fertelt dat harsenûndersyk enoarm yn ûntwikkeling is. ‘Sûnt de harsenskan kinne we sjen hokker gebieden wêrop oangean. Sa kinne we bygelyks sjen wêrom’t bewege of muzyk goed is foar it brein. Dat betsjut dat we it herbedriedzjen fan ús harsens folle better beynfloedzje kinne. De positive previnsje is yn opkomst. At Stek it foar it sizzen hawwe soe  -“ik bin bliid dat ik net de baas fan ús lân bin”- dan soe hy graach wolle dat dizze psychyske previnsje berikber is foar eltsenien. En dat is ek krekt de driuwfear foar it teäterkolleezje oer lok. ‘We hiene de premjêre yn it teäter yn Drachten en we hiene in folle bak yn Snits, eltsenien wie sa entûsjast. We hoopje sa te helpen it firus fan lok te fersprieden.’

Jeroen Stek