Op 8 july 2022 kaam de twadde edysje fan simmermagazine LETTER fan Ljouwert City of Literature út as lêsbylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.
Yn dizze útjefte ferbine wy de global goals – dêr’t wy as UNESCO-organisaasje mei ferbûn binne – mei lêzen en literatuer. Mei in klik op ‘e cover kinst it magazine online trochblêdzje (by it lêzen op dyn mobyl kin it nedich wêze om de Issuu-app te downloaden). Op dizze side kinsto ek in pear artikels yn twa talen lêze.