‘De Fryske paradoks’: mei dizze term kaam it Fries Sociaal Planbureau (FSP) in pear jier lyn. Ek al skoart Fryslân lânlik sjoen minder op it mêd fan wolfeart, it hat net direkt ynfloed op it loksgefoel. Dit stiet heaks op in soad ûndersiken dy’t just in ferbân sjen litte tusken de mate fan wolfeart en it loksgefoel fan minsken. Neffens de direkteur fan it FSP, Ingrid van de Vegte, moatte we ús net langer blyn stoarje op it allinnich mar berikken fan ekonomyske groei.
Tekst: Wendy Kennedy
Hoe kin it dat Fryslân sa ôfwykt fan al dy oare ûndersiken?
‘We hawwe yntusken in better byld krigen en it blykt dat der ek oare saken fan grut belang binne foar it belibjen fan lok troch Friezen, dingen dy’t hjir folop oanwêzich binne. It giet om de wurdearring fan rêst en romte, it sterke mienskipsgefoel, de gelikens tusken minsken, de bining mei de Fryske taal en kultuer, it gefoel baas oer eigen libben te wêzen, feilichheid en it minder belangryk finen fan status en jild.’
Makket jild dan echt net lokkich?
‘Ut ûndersiken blykt dat we wol in bepaald besteansminimum nedich hawwe, want fan soargen oer jild wurde we hiel ûngelokkich. Mar at we in bepaald nivo berikt hawwe, dan spylje hiele oare saken in belangrike rol. Wat je no sjogge, is dat jild sels foar problemen soargje kin. Sa as de húzemerk dêr’t wenningen hiel djoer binne om’t der sa’n soad jild is. It fersteurt alles en docht de ûngelikens tanimmen, wat wer foar mear ûntefredenheid en ûngelok soarget. Jild wurdt tefolle sjoen as oplossing. Dat wie ek te sjen tidens de coronakrisis. Der binne bakken mei jild útjûn en no gebeurt itselde mei de klimaatkrisis. Sa wurde der miljarden útlutsen foar it útkeapjen fan boeren. Wêrom? Dan kinne der hûndert of tûzen boeren útkocht wurde sadat der mear wenten boud wurde kinne, mar hoe komt it mei de rest fan de lânbou dan? Finansjele stipe remt boppedat ôf, sa as it eigen inisjatyf. Men komt dan yn de ôfhinklikheidsstân yn de hoop dat de oerheid it mei jild wol oplosse sil. Ergens jild ynstekke is yn prinsipe net slim, mar dan moat wol útwurke wêze wat men dermei berikke wol. Wurdt it beprizen brûkt? Wurdt der ynset op biodiversiteit? Lit minsken sels mei ideeën komme hoe bepaalde doelen te berikken, belean eksperimentearjen en meitsje it ferhaal fan de takomst útdagend yn plak fan it beneamen fan de swierrichheden.”
Dochs stribje we yn ús lân benammen nei ekonomyske groei, is dit net achterhelle?
‘Eins moatte je sjen nei alle ûnderwerpen dy’t we belangryk fine. Dan komme je op it begryp ‘brede wolfeart’, foarby it bruto binnenlânsk produkt. Sa as de útstjit fan gassen, it ûnderwiisnivo, mar ek it ynkommen. Fierder betsjut dit dat we gjin besluten nimme moatte dy’t ympakt op oaren hawwe of op in generaasje nei ús. Dus hokker ynfloed hat in beslút op de natuer, of binne we mei bepaalde ôffalstoffen in generaasje nei ús ta lêst? Dit betsjut dat we leare moatte om op de lange termyn te tinken, en net mear op de koarte wat no benammen gebeurt. Nim no de plannen foar de Lelyline, hjir soene we folle breder nei sjen moatte. Yn it earste plak: hoe sjocht it ferfier yn de takomst derút en past dizze nije treinline hjiryn? En hokker wearden fine we yn Fryslân belangryk? Utslútend ekonomyske groei, of bygelyks de rêst en romte dy’t foar lok soargje? Hjir soene we it mei syn allen oer hawwe moatte en dan beslute hokker wearden foar ús it swierst weagje.
It kolleezjeprogramma fan de provinsje Fryslân hjit ‘Lok op 1’. Rint de provinsje foarop at it giet oer brede wolfeart?
‘Dat is in hiele goede ynstek. Allinnich is krekt lyn bekind wurden dat der besunige wurde sil op saken as kultuer en leefberheid en it is my net dúdlik watfoar driuwfear hjirachter sit. Ik haw de yndruk dat dizze keuzes net mei de brede wolfeart-bril op makke binne. It liket derop dat it wer puur ekonomysk besjoen wurdt: wat levert it op. Eins soe it yn it gehiel besjoen wurde moatte: hoe ferrikt it, hoe ûnspant it, hoe ynspirearret it en watfoar bining mei Fryslân jout it. Itselde jildt foar it sterker meitsjen fan it mienskipsgefoel, de inisjativen fan ûnderop, saken dy’t ek in belangrike rol spylje yn it lok fan de Friezen. Hjir soene je just op ynsette bliuwe moatte.’
Wat makket dy eins lokkich?
‘Ik bin hiel wiis mei myn frijheid en dat ik myn eigen keuzes meitsje kin, sa as by myn wurk. Ek krij ik in goed gefoel fan it lekker yn de tún dwaande te wêzen en it kweken fan plantsjes. Fierder wurd ik hiel bliid fan it dwaan fan dingen foar in oar én fansels at it goed giet mei de minsken dy’t tichtby my steane.’