Kenst dat, lytse mominten fan ferwûndering of lok? Se oerfalle dy op strjitte of yn de natuer, fynst se samar yn foarwerpen, moetingen of geuren. Fan 17 maaie oant en mei 24 augustus 2025 ferraste Leeuwarden UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûkten. Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. De ferhalen binne noch altyd te lêzen:


Om de teksten te spotten moatst men goed oplette. Wa hints ûntfange woe en alle dagen as earste witte woe hokker tekst wêr te sjen wie, koe him/har oanmelde foar in spesjale nijsbrief.

100 skriuwers en dichters út Fryslân, Nederlân en UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld hawwe op papier te setten hokker lyts gelok harren rekket, yn de foarm dy’t by harren past. Der binne ûnder mear bydragen fan Thomas Heerma van Voss, Anne-Goaitske Breteler, Tsead Bruinja, Marjoleine de Vos, Yorick Goldewijk en Elisa Shua Dusapin. Om de teksten sjen te litten wurkje we gear mei keunstners en ferskate lytse en grutte organisaasjes.

Yn dizze tiden fan grut leed yn’e wrâld, ûndersykje wy mei Lyts gelok graach de nocht en wille dy’t ús dei kleurje.

Lyts gelok is in projekt fan Leeuwarden UNESCO City of Literature. Lyts gelok wie ûnderdiel fan Arcadia en waard mei mooglik makke troch it Nederlands Letterenfonds, de provincie Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Oer Lyts gelok