100 dagen, 100 literêre ljochtpuntsjes yn it wyld, ferwizend nei 100 nije ferhalen en gedichten op ús webside: dit wie Lyts gelok!

Oer Lyts gelok

Fan 17 maaie oant en mei 24 augustus, mei de 100 dagen fan kultuertriënnale Arcadia (it ferfolch op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018), liet Ljouwert UNESCO City of Literature alle dagen in literêr fragmint opdûke op in ûnferwachts plak yn Fryslân. Fan yn it swimbad oant yn’e rige by de kassa en fan efter in fleantúch oant literêre tattoo. De komplete teksten, spesjaal foar it projekt skreaun, wiene dêrnei te lêzen op kleingeluk.frl.

Skriuwers en talen

Dy teksten waarden skreaun troch 40 skriuwers út Fryslân, 33 út de rest fan Nederlân, 9 út Flaanderen, 12 út kollega-Cities of Literature en 6 oare, ynternasjonale auteurs. Der waard skreaun yn 15 talen, fan Frysk en Biltsk oant Letsk en Nederlânske Gebeartetaal. Oan it projekt wurken dan ek 13 oersetters mei. 1 tekst ferskynde yn braille.

Foarmen

De fragminten ferskynden yn ferskate foarmen: as live of online optrede, as publikaasje yn in tydskrift, op radio of yn de krante, op ferfiersmiddels, as keunstwurk, op ferpakkingen of op give aways. Nijsbrief Alle dagen ferskynde der om 12:00 oere in nijsbrief mei dêryn de ferskiningsfoarm fan de dei en de link nei it nijste ferhaal. Dêryn stie ek in hint foar it finen fan de tekst fan de oare deis.

Berik en reaksjes

Sa hawwe 700000 minsken in fragmint of tekst fan Lyts gelok sjoen.
Ut de reaksjes:
‘ik ha in soad nije skriuwers kennen leard! ’
‘Ik lês de teksten mei in protte wille.’
’Kompliminten foar de orizjinele, kûnstige, ferrassende wize wurop at jim elke dâg wer’n ferhaal in’t sontsy sette.’
‘I hope you and your team will continue to bring delight, even in the smallest of ways, in this age that seems to be gradually dimming.’

Wat fûnsto fan Lyts gelok?

We binne fansels ek tige benijd nei dyn reaksje. Lit him hjir efter en meitsje kâns op in Lyts gelok-goodiebag!

De teksten bliuwe te lêzen op kleingeluk.frl

Lyts gelok waard mooglik makke troch de gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds.