Skriuwers Adwin de Kluijver, Baukje Zijlstra, Wieke de Haan, Sipke de Schiffart en Arjan Hut hawwe in rige fan fjouwer workshops Foardrachtskeunst folge by Tryater. Ljouwert City of Literature, Explore The North en Tryater organisearren dizze workshops.

Yn fjouwer byienkomsten ha de skriuwers wurke mei hâlding, stim, ynterpretaasje en teatertechniken: it ark fan in goeie foardrachtskeunster. Akteur en teaterdosint Karel Hermans joech de workshops.

Op tongersdei 14 oktober presintearren de skriuwers in performance oan it publyk. It wie in prachtige, bysûndere jûn, dy’t fanwege it súkses nei alle gedachten nochris plakfine sil.

Foto’s: Lucas Kemper