Wyk It Fûgellân yn Dokkum krige in stim; in stim fan wa’t hjir libbet, wennet en dreamt. Op gevels yn’e wyk ferskynden sinnen: ienfâldich, persoanlik, bysûnder. Net allinne om te lêzen, mar om field te wurden. It is de nijste tafoeging oan Pratende Bouwurken, it poëtyske projekt fan Over de Drempel, dat troch Fryslân reizget en wurden fan bewenners sichtber makket yn de iepenbiere romte.

De sinnen yn Dokkum ûntstiene út moetingen yn de biblioteek, dêr’t bewenners mei-inoar praten oer thús, ferbining en earne by hearre. Dichter fan Fryslân Arjan Hut en stedsdichter fan Ljouwert Marrit Jellema begelaten de dielnimmers by it skriuwen fan teksten, soms sêft, soms ûndersykjend, soms fol langstme nei in thús. No komme dy wurden werom, op de muorren fan har eigen buert.

In sin as moetingsplak

De gevels feroarje yn in útnûging: om efkes stil te stean, te lêzen of in petear te begjinnen. Net oer de stiennen, mar oer wat der tusken de muorren libbet. ‘Wat is thús foar dy?’ liket de muorre te freegjen en de wyk harket. Tegearre mei sa’n tweintich bewenners kuieren de dielnimmers en inisjatyfnimmers lâns de huzen oan de IJsvogel, Kievitstraat en Kwikstaart, dêr’t de earste fjouwer dichtregels fan Pratende Bouwurken te lêzen binne. De petearen ûnderweis wiene minstens sa weardefol as de wurden op de muorren. Foar in soad bewenners waard it in bysûnder treffen mei de skriuwers fan ‘harren’ sin. ‘Dus jíj hebt die mooie zin geschreven!’ rôp frou Michon entûsjast doe’t Zee Postmus har gedicht foardroech. “Witst dat we eartiids yn Yndonezië ek in skommelstoel hiene? Dêrom rôp dyn sin daliks bylden by my op.” Zee glimke: “Witte jo dat ik eins noait op dy fan my sit?”

Ek Madelon dielde har ûnderfining: “Ik bin al trije kear oansprutsen oer de sin op myn muorre. De ien fynt it moai, de oar seit: ik snap der neat fan. Wylst: ‘Thús kin in minske wêze. Thús kin in bist wêze’ dochs net sa dreech liket.” Ynkoarten krijt se har helphûn Leentje, miskien dat de buert dy sin dan nóch better begrypt.

Baukje Fokkema sei oandwaanlik: “Ik bliuw mar leaver thús, tink ik altyd… mar wat bin ik bliid dat Anneke my hjir mei hinne frege hat.” Har wurden oer fytse lâns de see rekken net allinnich harsels, mar ek elkenien dy’t lústere.

Nei de kuier namen bewenners en inisjatyfnimmers de tiid om inoar fierder te moetsjen yn de biblioteek om ferhalen te dielen, kofje te drinken en te praten oer hoe weardefol wurden wêze kinne.

In reizgjend projekt mei Fryske woartels

Pratende Bouwurken ferskynde earder yn ûnder oare Ljouwert, Snits, Stiens, It Hearrenfean en Harns, hieltyd mei sinnen út de mienskip sels. De wurden yn Dokkum heakje dêr in nije stim oan ta. Elk plak bringt syn eigen ferhaal, syn eigen toan.

In sin op ‘e muorre, in gefoel yn’e strjitte

De sinnen yn Dokkum binne gjin fersiering, mar spegels. Se herinnerje foarbygongers deroan dat elk hûs in ferhaal drage kin, en dat ien inkelde sin genôch wêze kin om minsken tichter byinoar te bringen. Leonie van Thús Wonen holp by it finen fan geskikte wenten en belutsen bewenners. “It moaiste fyn ik dat de teksten echt wat losmeitsje” fertelt se. “Guon minsken fine it prachtich, oaren net, mar it soarget der wól foar dat minsken mei-inoar yn petear gean – fan jong oant âld. Dat makket it bysûnder.”

Gearwurking en draachkrêft

It projekt is in inisjatyf fan Marrit Jellema en Arjan Hut en wurdt útfierd troch Over de Drempel en Writer’s Block, mei stipe fan Arcadia en de gemeente Noardeast-Fryslân. De sinnen waarden oanbrocht troch Annabel Adema en Sterre van Bommel. Troch de ynset fan bewenners en lokale partners lykas Thús Wonen en de Biblioteek Dokkum krije wurden in sichtber plak yn it strjitbyld en yn it petear fan alle dagen. De restearjende fjouwer sinnen wurde nei ferwachting takom jier pleatst.