Yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT hat Ljouwert City of Literature ferskate opmonterjende poëzykaarten makke foar de mear as 5.000 ynwenners fan fersoargingstehuzen yn Fryslân.

RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma skreaunen mei-inoar njoggen gedichten. Seis yn it Frysk, twa yn it Nederlânsk en ien yn it Stellingwerfs. Mei de aksje wolle de dichters en City of Literature treast en hoop biede yn dizze – seker foar âlderen – drege tiid. Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn ’e Soarch (Afûk) is ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân. Op 24 april ll. binne de kaarten ôflevere op 88 adressen fan lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen yn de provinsje. It giet dêrby om fêstigingen fan de Kwadrantgroep, Hof en Hiem, Meriant, Patyna, Mienskipssintrum Leppehiem en Noorderbreedte. De kaarten binne foarmjûn troch BWH Ontwerpers út Ljouwert en printe troch Van der Eems út Easterein.

Tip: op de website friesindezorg.frl fine jo alderlei ynformaasje oer it belang fan taal foar it wolwêzen fan soarchfregers.