UNESCO City of Literature Ljubljana (Slovenië) biedt yn 2026 twa residinsjes fan in moanne yn Švicarija / Swisshouse Creative Centre oan. Kinst dy oanmelde foar in residinsje fan 1 oant en mei 30 april of foar 1 oant en mei 30 novimber 2026.

It residinsjeprogramma is bedoeld foar auteurs dy’t al wurk publisearre hawwe en in oantoanbere bân hawwe mei ien fan de oare UNESCO-literatuerstêden. De oanfreger moat op syn minst ien boek (proaza, poëzy of drama) yn syn of har eigen taal publisearre hawwe.

Reagearje foar 19 jannewaris 2026.