Yn 2026 is de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei by De Feanhoop en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet yn dizze kontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as oare jierren is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid, by’t hjerst en by’t winter.

Skriuwers kinne har opjaan foar ien wike yn’t jier. Der is yn 2026 maksimaal plak foar 15 skriuwers.

De arke is beskikber yn de neikommende perioaden:
1 febrewaris – 24 april 2026
20 july – 7 augustus 2026
19 oktober – 31 desimber 2026

Belangstellenden kinne har oant 1 jannewaris 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma, skriuwersarke@stiftingflmd.frl. Dêrby moat neist de wike dy’t de foarkar hat, ek oanjûn wurde wat de skriuwer/ dichter fan doel is te dwaan. As de arke al fersein is yn de perioade fan de foarkar, dan wurdt der kontakt opnaam om te besjen wat de fierdere mooglikheden binne. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne.